Der binne klassikers en klassikers, mar dé Derby fan Fryslân is wol dy tusken SC Heerenveen en SC Cambuur. It is alwer in skoft lyn dat beide ploegen elkoar tsjinkamen, mar mooglik treffe de beide klups elkoar takom jier wer. Op it heechste nivo wol te ferstean. Want as it in bytsje mei sit promovearret SC Cambuur dit jier noch nei de earedivyzje. De sportredaksje fan Omrop Fryslân jout alfêst in foarpriuwke op de moaiste konfrontaasje fan Fryslân. Yn it Boppeslacht Kafee stride spilers fan beide klups de kommende wiken tsjin elkoar mei... spultsjes!