Boppeslach Kafee kompilaasje

Boppeslach Kafee kompilaasje

We giene te snowboarden, keunstriden en de snie yn foar in kursus biatlon. En we hienen de Fryske 'derby'. By gebrek oan de twastriid tusken Cambuur en Hearrenfean op it fjild dienen we it op in oare wize. Mei spultsjes. Dat gie der betiden fanatyk oan ta tusken de spilers fan de beide Fryske klups. Ek reportaazjes oer aktualiteiten sieten yn it kafee. Lykas it nije stadion fan Cambuur, mar ek Harkemase Boys trainer Henk de Jong en syn oerstap nei de Ljouwerter klup.