Boppeslach: Cambuur-Emmen, 6-2

Boppeslach: Cambuur-Emmen, 6-2

Sportclub Cambuur hat de kopposysje yn de Jupiler League nei in wike wer werompakt. Yn eigen hûs liet de ploech fan trainer Jurrie Koolhoof der juster gjin twifel oer bestean: Emmen waard mei 6-2 oan kant fage. Dêrmei waard it ferlies fan ferline wike tsjin Zwolle op in perfekte wize rjocht set. Cambuur docht tsjin Emmen wat it in wike earder tsjin FC Zwolle net die: skerp starte en effektyf mei de kânsen omspringe. Dat resultearret binnen in kertier yn in 2-0 foarsprong. De earste goal falt al nei sân minuten (V/d Heide). De twadde goal falt fiif minuten letter (Nassir Maachi)