It moaiste fan Minnertsgea

It moaiste fan Minnertsgea

Moandei stjoere wy de moaiste mominten út fan in wike lang live televyzje makke troch de ynwenners fan Minnertsgea. It doarp wie it sânde fan trettjin doarpen dat in wike lang live televyzje meitsje mei yn de rige Doch it foar dyn Doarp. De meast opfallende fragminten komme moandei noch ien kear foarby. Te sjen by Omrop Fryslân TV, fan 16.30 oant 17.00 oere.