Ferskate Fryske skriuwers binne min te sprekken oer de nije boeke-aksje fan Arriva, Qbuzz, de provinsje en stichting Boeken fan Fryslân. Minsken kinne de kommende moannen Fryske boeken yn de bus lêze, en se meie dit boek ek fergees mei nei hûs nimme. Skriuwer Ferdinand de Jong út Boarnburgum syn boeken lizze sûnder syn witten yn de boekebus en is it dêr net mei iens. Hy fynt dat boeken net fergees fuortjûn wurde meie, om't skriuwers in soad enerzjy en kreativiteit yn harren boek lizze.